Tryater makket teater op in eigensinnich plak yn ‘e wrâld, dreaun troch minsken mei in eigen kyk op it libben. Mei ús fantasy, lânskip, muzyk, literatuer, skiednis en rike taal as ynspiraasje foarmje wy in bân mei de wrâld om ús hinne.
45 jier yn 2010! Dêrmei is Tryater it âldste selskip fan Nederlân. Tryater hat yn al dy tiid in hecht ensemble west, dat útgroeid is ta it breedst ûntwikkele teaterselskip fan Nederlân: fan spektakelstikken oant teatersolo’s en fan famyljefoarstellingen oant jeugd- en jongereteater. Tryater is ûnderdiel fan de lanlike basisynfrastruktuer en dêrmei ien fan de 9 fêst subsidiearre toanielselskippen fan Nederlân.
Tryater spilet klassyk en eigentiidsk repertoire oeral yn Fryslân en dêrbûten. Op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op lokaasje. Foar jeugd, jongeren en folwoeksenen. Tryater hat har yn de 45 jier fan har bestean ûntwikkele ta in suksesfol teaterselskip. It spilet sa’n 500 foarstellingen yn it jier foar sa’n 50.000 taskôgers.
Tryater spilet ek bûten Fryslân. It oanbod foar folwoeksenen is somtiden te sjen op festivals, mar ek yn reguliere teaters yn Amsterdam of op oare plakken yn it lân. Nederlânsktalich jeugd- en jongereteater spylje we yn Grinslân en Drinte. By gelegenheid spilet Tryater yn it bûtenlân.